Brân skuorre Suwâld

09 aug 2014 - 07:59

In skuorre achter in hûs oan it Suderein yn Suwâld is freedtejûn folslein útbaarnd. It ark yn de skuorre gie ek ferlern. Ien fan de gasflessen yn de skuorre ûntplofte. De hurde knal wie fier yn de omkriten te hearren.

In fotoboek koe wol rêden wurde. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
brân Suwâld skuorre gasflesse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)