Jetta Klijnsma besiket Snits

08 aug 2014 - 17:09

Steatssiktaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken bringt tiisdei in besite oan de fyftich wurkûnderfiningsplakken fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De steatssikretaris dage de gemeente ferline jier út om it tal staazjeplakken yn it gemeentehûs flink út te wreidzjen. Minsken dy't wurk sykje kinne dan ûnderfining opdwaan. Dat kin wer liede ta in betelle baan.

It gemeentehûs gong de útdaging oan en realisearre fyftich staazjeplakken. Klijnsma komt no har belofte nei en komt nei Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)