Swier ferwûne op Hegemer Mar
Twa jonges fan 12 en 16 jier út Scherpenzeel (Gelderlân) binne freed ferwûne rekke by in ûngelok op de Hegemer Mar. De beide jonges sieten op in rubberen bân dy't sleept waard troch in speedboat bestjoerd troch de heit fan ien fan de jonges. By in bocht skatte de heit de situaasje ferkeard yn, wêrnei't de bân mei hege faasje op in boat botste dy't stil yn it wetter lei.
De 12-jierrige jonge rekke swier ferwûne en is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De oare jonge is mei lichte ferwûnings nei it sikehûs yn Snits brocht.
De 12-jierrige jonge rekke swier ferwûne en is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De oare jonge is mei lichte ferwûnings nei it sikehûs yn Snits brocht.
De plysje en de lanlike ienheid dogge tegearre ûndersyk nei it ûngelok.