Soad skea troch brân einekoai

It Fryske Gea hopet op finansjele help fan stipers om de brânskea oan in einekoai by Eanjum te beteljen. Tongersdeitemoarn is troch in frijwilligersploech ûntdutsen dat der brân west hat yn de Van Asperen einekoai.
In reiden skerm, de fangpiip en mooglik ek de beammen ha dêr in soad fan te lijen hân. Frijwilligers ha sa'n tûzen oeren oan wurk sitten yn de einekoai. As je dit rekkenje en de materiële skea der by optelle, dan kom je op in skeabedrach fan rûchwei 50-tûzen euro.
Hoe't de brân ûntstien is, is net dúdlik. De koai is net maklik te berikken. Der sit in stek omhinne.