Earedivyzje set freed útein

08 aug 2014 - 14:04

Freed set it nije seizoen fan de earedivysje útein. Sawol Sportklup Cambuur as Sportklup Hearrenfean meitsje har dêrom yn in lêste training klear foar de earste echte krêftmjitting. Sneon spilet Cambuur yn in thúswedstriid tsjin FC Twente, wylst Hearrenfean yn it Abe Lenstrastadion FC Dordrecht op besite krijt.

Neffens SC Hearrenfean trainer Dwight Lodeweges stiet syn seleksje op skerp foar de earste kompetysjewedstryd. Hy is hiel tefreden oer de ynset dy't de spilers op de lêste training sjen lieten. Neffens Lodeweges hat de ploech him de lêste wiken goed ûntwikkele. It nije systeem mei mear druk nei foaren en mear balbesit komt der stadichoan better yn. Yn oanfallend opsicht moat de ploech noch wol in stap meitsje fynt de trainer.

De Ljouwerters hawwe nogal wat kwaliteit ynlevere, mei it fuortgean fan Van der Laan, Leeuwin, Ritzmaier, Lukoki en Manu. Dêr stiet tsjinoer dat der ek in oantal nije spilers kommen binne. Dejan Meleg is hierd fan Ajax en Albert Rusnak fan Manchester City. Etienne Reijnen is kocht fan AZ. Furdjell Narsing kaam oer fan Zwolle, mar hy is noch blessearre. Dat jildt ek foar Daniël de Ridder en Sander van de Streek. Sy misse de seizoensiepening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)