Bijker sintraal by Cambuur

08 aug 2014 - 13:06

Lucas Bijker begjint sneon yn de iepeningswedstriid fan Cambuur tsjin FC Twente yn it sintrum fan de ferdigening. It wie wat puzeljen foar de technyske stêf, mar de knoop is no trochhakke. Ek de beide spitsen, Hemmen en Ogbeche, begjinne yn de basis. Hemmen yn de spits, Ogbeche fan de linkerkant ôf.

Cambuur kin noch gjin berop dwaan op de nijelingen Furdjell Narsing, Daniël de Ridder en Sander van de Streek. Sy binne alle trije noch blessearre.

De opstelling fan Cambuur: Nienhuis, Pereira, Bijker, Reijnen, Droste; Rusnák, El Makrini, Bakker; Ogbeche, Hemmen, Meleg.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)