Tolve oanhâldingen Snitswike

08 aug 2014 - 11:20

De plysje yn Snits hat tongersdeitejûn -en nacht tolve minsken oanhâlden foar iepenlik geweld, fernielings en baldadigens. Twa manlju binne oanhâlden om't se in stroomkastje foar de feestferljochting fernielden. Fjouwer manlju binne oppakt nei in fjochtpartij, in oare groep fan fjouwer wie baldadich en in man is oanhâlden omdat er drugs by him hie. In oare man is noch oppakt foar fernieling.

It is dizze wike fanwege de Snitswike drok yn de stêd.

Trefwurden: 
Snitswike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)