TLN: gjin problemen boykot

08 aug 2014 - 10:19

Transport en Logistiek Nederlân hat oant no ta gjin sinjalen dat Fryske transportbedriuwen lêst hawwe fan de Russyske boykot foar griente en fruit. It haadkantoar hat kontakt hân mei ferskate eksportbedriuwen yn Nederlân, mar net ien hat op dit stuit problemen.

It ferfier wurdt benammen dien troch East-Europeeske en Russyske sjauffeurs, sa lit Pim Olthof fan TLN Noard witte. Neffens him ferfiere Fryske transportbedriuwen foaral libjend fee nei Ruslân. Hjir jildt gjin boykot foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)