Diseldieven oppakt yn Boksum

08 aug 2014 - 09:45

De plysje hat tongersdeitenacht yn Boksum twa diseldieven oanhâlden. In tsjûge alarmearre de plysje nei't hy in oanhingwein mei in grutte tank en slangen sjoen hie. Ut de tank lekte disel.

Undersyk brocht de plysje op it spoar fan in 50-jierrige Ljouwerter en in 48-jierrige ynwenner fan in doarpke yn de gemeente Menameradiel. De lêste waard ein april ek al oanhâlden foar it stellen fan disel. De beide mannen binne oanhâlden en sitte fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Boksum diseldieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)