Frysk rekôr Marrit van der Wal

Marrit van der Wal hat tongersdeitejûn yn Drylts in nij Frysk rekôr ljept. De Heidenskipster ljepte 16.57 meter en dat wie tsien sintimeter fierder as it âlde rekôr fan Hilianne van der Wal út 2013. Klaske Nauta ferbettere it klassemintsrekôr fan de bêste sân sprongen. Dat stie op 108.56 meter fan Dymphie van Rooijen út Harmelen. Nauta hat no trije sintimeter mear. Nard Brandsma wûn by de topklassers mei 20.69. Thewis Hobma waard twadde mei 20.42. Age Hulder wie de bêste junior mei 19.69 en Freark Kramer de bêste jonge mei in pr fan 17.98.
Sneon is yn Winsum it Frysk kampioenskip fierljeppen.