Fersoarger Cambuur ferstoarn

07 aug 2014 - 21:23
Cambuur-Twente - Foto: Dijks fotografie

Fersoarger Piet Adema fan SC Cambuur is ynienen ferstoarn. Dat lit de fuotbalklup yn in tweet witte. De sportklup winsket de famylje, freonen en oare neibesteanden in soad sterkte ta.

Kommende sneon sil Cambuur út respect foar Adema mei roubannen spylje. Der wurdt dan ek in minút stilte hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)