Syktocht Omrin nei nij gebou

It is Omrin noch net slagge om in nije lokaasje te finen foar de kringloopwinkel yn Harns. Op 19 july is de loads dêr't de estafettewinkel fan Omrin yn siet troch in brân ferlern gong. It is de bedoeling dat Omrin oer in jier werom giet nei de lokaasje fan de âlde loads. Dêr sil dan in nije winkel komme.
Omrin hopet yn de tuskenlizzende perioade in oar gebou te finen foar de winkel. Dat falt neffens de manager fan de Estafettewinkels Erik Bekking noch net ta. Hy hopet dat minsken dy't in goed plak witte kontakt opnimme wolle mei Omrin.