Grutte droechte op It Amelân

Boeren op It Amelân hawwe in soad te lijen fan de droechte. It eilân hat sûnt juny gjin reinwetter fan betsjutting hân. De measten boeren hawwe nei de earste snee gjin gers mear winne kind. Ferskate boeren hawwe de bisten no al oan it winterfretten. Mooglik moatte se fretten by keapje.
Dochs sjogge de boeren de takomst mei betrouwen yn 'e mjitte. De lêste jierren binne se wend rekke oan soksoarte situaasjes omdat it waar al langer oan it feroarjen is. Mei subsydzjes en aktiviteiten lykas kempings kinne se de holle boppe wetter hâlde.
Op It Amelân jildt fanwege de droechte foarearst in smook- en stookferbod oant 1 septimber.