Lukoki nei PEC Zwolle

Martijn Barto, Jody Lukoki en Bartholomew Ogbeche by Cambuur © www.dijksfotografie.nl
Jody Lukoki makket in transfer nei PEC Zwolle. Hy hat dêr in kontrakt tekene foar trije jier. PEC Zwolle nimt de flugge bûtenspiler fan Ajax oer.
Lukoki spile it ôfrûne jier 32 kompetysjewedstriden foar Cambuur. Dêryn skoarde er twa kear, wêrûnder in goal tsjin SC Hearrenfean. Mooglik makket Lukoki freed tsjin FC Utrecht al syn debút.