2,1 miljoen kilo tsiis fuort

By de brân yn it suvelfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster is 2,1 miljoen kilo tsiis ferlern gien. Dat is tongersdei bekend makke op in parsekonferinsje. It bedriuw ferlear ek noch 1,6 miljoen kilo molke. Hoe grut oft de skea dêrtroch is, is net dúdlik, wol dat it om in heech bedrach giet.
De brân yn it suvelfabryk begûn ferline wike tiisdei en wie pas nei in heale wike út. Benammen de opslach fan it fabryk waard swier troffen.