Parfum stellen yn Noardwâlde

07 aug 2014 - 11:33
Stelle - Foto: Omrop Fryslân

Ynbrekkers hawwe woansdeitenacht rûkerguod stellen út in winkel oan it Manauplein yn Noardwâlde. Om deryn te kommen waard in rút fernield.

In tsjûge belle de plysje, mar dy kaam krekt te let om de dieven oanhâlde te kinnen. In 40-jierrige ynwenner fan Paaslo hat oanjefte dien.

(advertinsje)
(advertinsje)