Mear auto's stellen

07 aug 2014 - 11:22

Yn Noard-Nederlân binne dit jier folle mear auto's stellen. Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Aanpak Voertuigcriminaliteit.

Lanlik leit it tal stellen auto's leger as ferline jier yn deselde perioade. Allinnich yn Noard-Nederlân is sprake fan in grutte taname. Goed trijetûzen auto's binne hjir stellen. Dat is hast tweintich prosint mear. Goed ien op de trije fan dy stellen auto's is weromfûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)