Fan achteren oanriden

Ambulânse © Omrop Fryslân
In 44-jierrige automobilist út Feanwâlden is woansdeitemiddei ferwûne rekke nei't er yn Ljouwert fan achteren oanriden waard. It ûngelok barde op de Julianaleane. In 44-jierrige automobilist fan It Hearrenfean ried achterop de auto fan de Feanwâldster.
It slachtoffer is mei pine yn 'e rêch en nekke nei it sikehûs brocht.