Driging mei stroomstjitwapen

07 aug 2014 - 10:38
Stroomstjitwapen (fotofoarbyld) - Foto: ANP

In 19-jierrige Ferwerter is woansdeitejûn oanhâlden om't er minsken bedrige hie mei in stroomstjitwapen. De man socht yn de Haadstrjitte rûzje mei oare jongerein en bedrige harren mei de saneamde taser.

Plysjes seagen de man letter rinnen en hâlden him oan. It wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Ferwert stroomstrjitwapen
(advertinsje)
(advertinsje)