Mear tekstyl ynsammele

Omrin hat yn de moanne july 15 prosint mear tekstyl ynsammele as yn deselde moanne in jier lyn. Ferline jier july waard hûndert ton tekstyl ynsammele, dit jier 115. Dat is in gefolch fan it pleatsen fan tritich ekstra tekstylkonteners. Dêrtroch kinne minsken tekstyl makliker ynleverje.
It ynsammele guod wurdt ferwurke yn sortearsintra yn Snits en Ljouwert. Dêr wurkje hast fyftich minsken. It measte guod kin op 'e nij brûkt wurde.