Grutte brân loads De Tille

07 aug 2014 - 05:51

Yn Koatstertille is woansdeitenacht oan de Alde Dyk in loads mei boaten folslein útbaarnd. De loads is eigendom fan recyclingbedriuw Theo Reitsma.

De brânwacht sette benammen yn op behâld fan omlizzende gebouwen, mar koe net foarkomme dat it fjoer nei in wente oersloech. Dy rûn grutte skea op. De bewenners wiene al bûten doe't it fjoer oersloech nei harren hûs. Se hawwe sels de brânwacht belle. Tsjin fiven waard it sein 'brân master' jûn. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)