Top konkoers Bûtenpost

06 aug 2014 - 20:31

Jan Bouwman fan Nijeveen pakte woansdei mei syn Frysk fjouwerspan it kampioenskip yn Bûtenpost. Yn in spektakulêre wedstriid waard Bauke de Boer fan Nes twadde en it fjouwerspan fan Feike Holtrop fan Baaium tredde. It kampioenskip tugen merjes Frysk ras waard wûn troch Henk Hammers út Swartslûs mei de merje Wiebke. Cor van Dijk út Boekel mei it hynder Elegant wie de bêste by de túchhynders fokmerjes. It fjirde kampioenskip, ienspannen Hackney's eareklasse grutte maat, wie foar Lambertus Huckriede út Enschede.

By it springen gong de grutte priis fan Bûtenpost nei Marriët Hoekstra fan Mildaam mei it hynder U-Bresco Z. Tessa Hoeksema fan Tolbert waard twadde, Hester Klompmaker waard yn eigen doarp tredde.

Trefwurden: 
Bûtenpost konkoers hippyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)