Droechte rekket boeren

It ekstreme waar fan no rekket ek de Fryske bouboeren. Sûkerbiten bygelyks hawwe earder dit jier lêst hân fan de buien yn it foarjier. Konsumpsje-ierappels groeie op plakken folle minder hurd troch de droechte. Foar de kommende jierren wurdt ferwachte dat it waar noch ekstremer wurdt as no. In fenomeen dêr't boeren rekken mei hâlde moatte.