Molukske wenwyk 50 jier

06 aug 2014 - 18:12

De Molukske wenwyk yn Easterwâlde Maluku bestiet dizze wike fyftich jier. De mienskip fiert dat mei in feest fan fiif dagen.

Mids jierren '60 krigen inkele tsientallen Molukkers ûnderdak yn Easterwâlde. Dat wie nei't dúdlik wurden wie dat se net werom koene nei de Molukken, in eilannegroep by Yndonezië. It is foar de Molukkers in feest mei twa gesichten. Oan de iene kant binne se bliid dat se fyftich jier goed ûnderdak hân hawwe yn Easterwâlde, oan de oare kant is der it besef dat it Nederlânske regear de groep yn de steek litten hat.

Trefwurden: 
Easterwâlde feest Molukken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)