De Fluezen blau-alch-frij

06 aug 2014 - 17:31
Blau-alch - Foto: ANP

De provinsje hat de swimlokaasje De Fluezen by de Galamadammen wer frijjûn. Earder wie der in warskôging foar blau-alch. It gefaar dêrfoar liket no foarby te wêzen en minsken kinne wer gewoan swimme op de lokaasje by kemping De Kuilart.

(advertinsje)
(advertinsje)