Nominaasje Anna en Us Heit

Jan-Dirk van Ravesteijn by syn nije teater © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
De teaterkuier en musical Anna en Us Heit oer de Fryske stedhâlder Loadewyk fan Nassau en syn frou Anna is nominearre foar de VVV-Rob de Bes-Award 2014. It stik is skreaun troch Jan-Dirk van Ravesteijn út Ljouwert. De priis wurdt om it jier útrikt oan in ûndernimmer yn de frijetiidssektor. Dy moat yn de sektor ferrassend dwaande wêze, en as foarbyld tsjinje foar oare plakken.
It publyk kin oant 11 augustus stimme op de nominearren. In sjuery makket dan in kar út de top fiif. De winner kriget tsientûzen euro.