Geale Tadema wint by Sleat

06 aug 2014 - 15:57

Geale Tadema fan Eastermar hat woansdei de fjirde wedstriid fan de IFKS-silerij op it de Sleattemermar wûn. Twadde waard De Jonge Jan en tredde De Jonge Jasper. Dêrnei finishten: Striidber (4), de Drie Gebroeders (5) en Merijn Olsthoorn (6). De oaren binne: Sikke Heerschop (7), Robert de Jong (8), Tony Brundel (9), de Opsjitter (10), De Zes Gebroeders (11), de Raerder Roek (12), de Jonge Rein (13) en de Grytsje Obes (14)

Sikke Heerschop mei de Wylde Wytse en Jelle Talsma mei de Jonge Jan stean no boppe-oan it klassemint.

Sjoch hjir foar de útslaggen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)