Froulik súkses yn Bûtenpost

06 aug 2014 - 14:45

De froulju stean boppe-oan yn de tuskenstân fan de Provinsje Fryslân-priis túchhynders ienspannen Frysk ras. Dat die woansdei bliken op it Konkoers Hippyk yn Bûtenpost. Gelbrich Elgersma stiet mei 36 punten mei Minne van de Egberdina Hoeve op it earste plak, folge troch Susan Bouwman mei Egberdina's Arwyn mei 35 en Jolanda Schreuder mei Chris fan Wylgster Pragt mei 33 punten.

De priis beslacht de seis Fryske konkoersen fan Dokkum, Garyp, Riis, Bûtenpost, Droegeham en Warkum. Dy lêste twa komme noch, dat it einklassemint kin noch feroarje.

It is de sânde kear dat de Provinsje Fryslân-priis ferriden wurdt. Oant no ta hawwe inkeld manlju wûn.

Op de 61e edysje fan it Konkoers Hippyk yn Bûtenpost kamen woansdei sawat 4000 besikers ôf. Nei de wedstriden om de Provinsje Fryslân-priis wurde ek noch fjouwer kampioenskippen ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)