Amelân hellet buorden fuort

06 aug 2014 - 13:08
Ferkearsboerd - Foto: ANP

Op It Amelân wurde de kommende wiken in lytse hûndert ferkearsbuorden fuorthelle. Neffens de gemeente binne se oer en te folle.

In skoft ferlyn is sjoen nei it nut fan de ferkearsbuorden. Nei in rûngong mei de plysje die bliken dat 96 wol fuort kinne. It giet ûnder oare om 45-buorden dêr't mei oanjûn wurdt dat minsken net op de rydbaan fytse meie.

Trefwurden: 
It Amelân ferkearsboerd
(advertinsje)
(advertinsje)