Drokte op Hurdsyldei

Op de Snitsermar is it woansdei tige drok mei silerij fanwege de útstelde wedstriden fan tiisdei. Doe koene in soad wedstriden net trochgean, omdat der te min wyn stie. No stiet der in wynkrêft 3 op de mar. Dat is neffens de organisaasje ideaal hurdsylwaar.
Teoretysk soene wedstriden fan woansdei trochskood wurde kinne nei tongersdei. Mar de organisaasje set alles op alles om woansdei alle wedstriden sile te litten, seit foarsitter Dirk van der Zee fan de Keninklike Wettersportferiening Snits (KSW).
De Snitswike sil in rekôr oan besikers helje. Dat seit boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân. Nei ferwachting sille der tusken de 150.000 en 200.000 minsken komme. Yn it earste wykein wie it fuortendaliks al drok. Dat komt mei troch de ekstra keapsnein, seit de boargemaster.