Homocamping wurdt lúkser

06 aug 2014 - 11:53

Homocamping De Vlegel yn Sânhuzen mei rekreaasjewenten op de camping bouwe litte. It beswier van twa omwenners dêrtsjin is troch de Rie fan Steat ôfwiisd. De eigener fan De Vlegel wol de camping feroarje. Yn stee fan de fjirtich kampearplakken moatte der fyftjin lúkse rekreaasjewenten op it terrein boud wurde.

De omwenners binne benaud foar oerlêst. Se tinke dat de rekreaasjewenten permanint bewenne wurde sille. De camping is al tsien jier mei de plannen dwaande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)