Plysje: ûntfierings net wier

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Snits nei in grutte swarte auto socht dy't mooglik brûkt wêze soe foar in ûntfiering. Neffens berjochten op sosjale media soene ferskate famkes oansprutsen wêze troch de bestjoerder en hie de man besocht de famkes de auto yn te lûken. De plysje hat oant no ta gjin oanwizings fûn dat it ferhaal wier is. Der binne ek gjin oanjeften. De boarne fan it ferhaal liket Facebook te wêzen.
De plysje is bliid dat minsken goed om harren hinne sjogge en mooglike bedrigings mei-elkoar diele, mar dit ferhaal is neat fan oan.