Rekôrtal pasjintefluchten

05 aug 2014 - 17:04

Definsje hat de ôfrûne moanne in rekôrtal pasjinten oerbrocht fan de Waadeilannen nei de fêstewâl. Mei-inoar binne 33 persoanen oerflein mei de SAR-rêdingshelikopters. Simmerdeis hat Definsje it altyd drokker mei pasjintefluchten fanwege de fakânsjetiid.

Definsje fersoarget al jierren it transport fan pasjinten nei it fêstelân. Takom jier hâlde se dêrmei op en nimt in oare partij it oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)