Wer opgravings yn Wommels

Archeologen binne dizze moanne yn Wommels dwaande mei opgravings. De Ryksuniversiteit Grins fiert de opgravings út. De terp Stapert is ôfgroeven, mar de archeologen hoopje yn legere grûnlagen ek ynformaasje oer de eardere bewenning te finen.
Tweintich jier ferlyn waarden ek al opgravings dien yn Wommels. Doe kamen wetterputten oan it ljocht fan in âlde delsetting, ien fan de âldste bewenne plakken yn de betide izertiid yn Noard-Nederlân. De archeologen tinke dat de bewenningsresten ek ûnder it terrein leit dat yn 1994 bleatlein is.