Kening keapet Fryske boat

05 aug 2014 - 11:07

Kening Willem-Alexander hat in Fryske speedboat kocht. De boat is boud by it bedriuw Wajer & Wajer Yachts yn Heech. De kening hat hast 6 ton foar de 'Osprey 38'- sa hjit de boat - deltelle moatten.

De boat is alve meter lang en hy kin oant 85 kilometer yn 'e oere helje. De direkteur fan de Fryske jachtwerf is tige bliid mei de opdracht, mar hy wol der fierders neat oer kwyt. De keninklike famylje sil de boat brûke by harren fakânsjefilla oan de Grykske kust.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)