Mishannelings yn Snits

05 aug 2014 - 10:46

Twa Ljouwerters binne ôfrûne nacht oppakt yn Snits foar mishannelings. In 20-jierrige fertochte hat yn in kafee yn de Lytse Tsjerkestrjitte in frou fan 20 jier út Snits slein. De man is op basis fan ferklearrings fan tsjûgen oppakt. De Ljouwerter hie boppedat in pear gram kokaïne by him. Dat is yn beslach naam.

In 24-jierrige stedgenoat fan de fertochte is ek oppakt. Hy soe op de Westersingel twa manlju slein hawwe. Wêrom't er dat die, is net bekend.

Trefwurden: 
Snits mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)