Bauke Mollema nei Trek

Bauke Mollema stapt oer nei de Amerikaanske hurdfytsploech Trek Factory Racing. De 27-jierrige Ljouwerter tekenet in kontrakt foar twa jier. Mollema sil by Trek benammen de grutte koersen ride. Hy einige de ôfrûne twa jier yn de top tsien fan it klassemint fan de Tour de France.
Mollema rydt no noch foar Belkin, mar dy hâldt takom seizoen op as sponsor.