Soargen oer Boerestreek

Ympresje fan it nije plein oan de Boerestreek yn Appelskea
De PvdA yn Eaststellingwerf makket him soargen oer de ûntwikkeling fan de Boerestreek yn Appelskea. Earder dit jier waard it fernijde plein yn it doarp iepene, mar dêrnei is it stil bleaun. En dat wylst der noch plannen binne foar ûnder oare in klimtoer, in swimpoel en oare toeristyske inisjativen. De Boerestreek moat dêrmei wer it klopjend hert fan Appelskea wurde.
De PvdA hat it kolleezje fan b. en w. frege hoe't it mei de plannen foar it gebiet stiet.