Man út baarnend hûs helle

05 aug 2014 - 06:06
Foto: ANP

In bewenner fan de Evert Sybesmastrjitte yn Tsjummearum is tiisdeitemoarn troch omwenners út syn baarnende wenning helle. De bewenner siet fêst op de boppeste ferdjipping fan it hûs. De buorlju hawwe him mei help fan in ljedder út de wente helle.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Wat de oarsaak fan de brân west hat, is noch net bekend. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
brân Tsjummearum
(advertinsje)
(advertinsje)