Behearders bliid mei droechte
Natuerbehearder Steatsboskbehear is bliid mei it sierlike simmerwaar. Se kinne no meane op plakken dêr't se oars hast net kommen kinne, lykas de Tsjongerfallei yn Weststellingwerf. It wurk is needsaaklik om't oars bosk ûntstiet yn sokke iepen gebieten. Dêr moat op syn minst ien kear yn it jier meand wurde.
De natuerbehearders litte altyd in strook gers stean foar fûgels en de ynsekten. Dy kinne dêr dan iten fine. It gers dat der ôfhelle is, wurdt ferkocht oan biologyske boeren.