Hûnemishanneler is bekend

04 aug 2014 - 20:58

De plysje ûndersiket de mooglike mishanneling fan in hûn yn Warkum. Yn in filmke op de webside GeenStijl is te sjen dat in man in hûn klappen jout. De plysje wit nei ûndersyk wa't it filmke makke hat en wa't de man is dy't de klappen útdielde. De man wurdt sa gau as mooglik útnoege foar in petear om út te finen wat der krekt bard is.

It filmke hat in soad reaksjes opsmiten. Der is fia ynternet in klopjacht op de fertochte iepene. De plysje hopet dat dat no ophâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)