Tsiismeiwurkers oan it wurk

Meiwurkers fan it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster sitte net thús nei de grutte brân yn in tsiispakhûs. Der wurdt troch personiel yn ploegetsjinst dei en nacht wurke oan it skjinmeitsjen fan de bedriuwsromten en apparaten. De tsiismakkerij sels is net ferlern gien troch it fjoer. Dêr wurde masines, apparatuer en liedings skjinmakke of ferfongen.
It is noch net dúdlik hoelang't it duorret foar't der wer tsiis makke wurde kin yn Gerkeskleaster.