Urker ynbrekkers Iselmarhotel

04 aug 2014 - 17:05

De plysje yn Rotterdam hat twa fertochten oanhâlden foar stellerij út hotel Iselmar op De Lemmer. It giet om twa Urkers, in 27-jierrige man en in 19-jierrige frou. Se waarden trapearre wylst se yn in auto riden, dy't by de ynbraak stellen waard.

De dieders brutsen ein july yn by fiif keamers op de earste ferdjipping fan it hotel. Om binnen te kommen brûkten se in klimtastel foar bern. De ruten stiene op in kierke. It duo naam jild en de kaaien fan in Dútske VW Caddy mei. De kentekens op de stellen auto wiene ferfongen troch Nederlânske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)