Soad fraach nei Hereford-fleis

Stichting 't Syltsje, dy't kowefleis ferkeapet fan it Ingelske Hereford-ras, kin de fraach nei har produkt net oan. De stichting bestiet út seis freonen, dy't foar de hobby sa'n fjirtich Hereford-kij ha. As der in ko slachte wurdt, kinne klanten fia de webside fleis bestelle. Ideaal is dat de kij dan sân jier of âlder binne yn ferbân mei de riping fan it fleis.
De fraach is faak sa grut dat de freonen har twongen fiele om earder te slachtsjen. Dat giet yn tsjin it doel om op lytsskalige en natoerfreonlike wize kwaliteitsfleis te leverjen.