'Friezen net swimfeardich'

04 aug 2014 - 13:48

De swimfeardichheden fan in soad minsken sjitte tsjintwurdich tekoart, sawol foar de eigen swimfeilichheid as foar it rêden fan drinkelingen. Dat seit Ylse Huizinga fan rêdingsbrigade Drachten yn reaksje op de resinte swimûngelokken yn Julianadoarp en Katwijk. Dêrby kamen trije minsken om it libben.

Neffens Huizinga soe it goed wêze dat de oerheid wat oan de situaasje docht. Bettere foarljochting, mear oandacht foar rêdend swimmen en werynfiering fan it skoalswimmen soenen goede stappen foarút wêze, tinkt Huizinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)