Deade yn feart is Drachtster
De man waans stoflik omskot moandeitemoarn fûn is yn de Noarderdwersfeart yn Drachten is in Drachtster fan 56 jier. Dat hat de plysje bekend makke. De plysje slút in misdriuw út. De man is nei alle gedachten mei de fyts yn it wetter rekke.