Keallemesterij Naalden op slot

Keal
Keallemesterij Chris Naalden yn Stynsgea en Bant sit sûnt foarige wike op slot fanwege de furazolidon-affêre. Op it bedriuw steane 3500 keallen.
In bedriuw út Lopik wurdt fertocht fan levering fan feefoer mei dêryn it ferbeane antibiotikamiddel furazolidon. Ek Naalden hat dit foer brûkt. Hy is fernuvere dat syn bedriuw fertocht is, om't hy it foer al in pear moanne net mear brûkt.
Neffens Naalden is net oantoand dat der furazolidon op it bedriuw is. Dizze wike moat ûndersyk mear dúdlikheid jaan. Sa lang meie der gjin bisten ferfierd wurde.
Mei-inoar sitte der yn Nederlân no fiif keallebedriuwen op slot. Op dizze bedriuwen binne spoaren fan it ferbeane antibiotikamiddel oantroffen yn de urine fan de keallen.