Douwe Amels net nei EK atletyk

04 aug 2014 - 11:55
Douwe Amels, heechspringer

Heechspringer Douwe Amels út Drachten mist dit jier it EK atletyk yn it Switserske Zürich. Amels miste dit wykein de limyt fan 2,26 meter. It wie de lêste kâns foar de Drachtster om him te kwalifisearjen foar it EK.

Ferline jier noch brocht Amels syn persoanlik rekôr nei 2,28 meter. Dêrmei waard er Europeesk kampioen ûnder de 23 jier.

(advertinsje)
(advertinsje)