Oarsaak brân fabryk ûnbekend
De plysje kin gjin oarsaak fine fan de brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster. It fjoer dat ferline wike tiisdei yn it tsiispakhûs ûnstie, hat sa fûl west dat spoare-ûndersyk nei de brân net mear mooglik is.
Om it fjoer te bestriden, is in part fan it pakhûs sloopt. Dêrtroch is forensysk ûndersyk gjin opsje mear. Ek petearen mei belutsenen en saakkundigen jouwe gjin dúdlikheid oer de oarsaak fan de fabryksbrân.