Fjochtersbazen Offenwier fêst

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn yn Offenwier twa manlju fan 18 en 19 jier út Apeldoorn oppakt nei in fjochtpartij. Yn in restaurant oan de Kolmarslân ûntstie in wrakseling tusken de fertochten en de slachtoffers, twa ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It duo, fan 19 en 24 jier, is troch in dokter behannele oan harren ferwûnings. De reden fan de fjochtpartij en net bekend.